|
Eastergoa Skotsers
De Eastergoa Skotsers
hawwe ferskate soarten fan dûnsen op harren repertoire stean.
In soad minsken komme de
nammen: Skots, Mazurka en Wals bekend foar.
Ek hâlde wy ús dwaande mei
formaasjedûnsen. In ‘suite’ fan dûnsen dy’t wy nei foaren bringe, bestiet út in
oantal dûnsen efter mekoar sûnder ûnderbrekkings deryn.
Wy behearskje yn totaal
sa’n fyftich dûnsen.
Boppedat kinne wy in
samling fan dûnsen, de saneamde ‘pake- en beppedûnsen’ fan ein 18de
en begjin 19de ieu, oer it fuotljocht bringe. Benammen âldere
minsken klinkt de muzyk dy’t der by heart, bekend yn ’e earen.
Foar it weromfinen fan de
muzyk en de dûnsen kinne wy sykje yn it materiaal dat oerbleaun is. It docht
bliken dat de muzikanten Michiels Visser (1801-1886) en Andries Kiers
(1856-1897) in soad dien hawwe oan it sammeljen en bewarjen fan dat materiaal

Deze site is voor het laatst bijgewerkt op
25/08/07
|