Klaaiïnge fan de 'Eastergoa Skotsers'

 

 

Start
Yntro
skiednis
klaaiing
Program en Boekingen
Ynformaasje

 

Yn de provinsje Fryslân binne sân folkloristyske dûnsgroepen warber. Dy ûnderskate groepen hawwe allegearre harren eigen kostúm. ’De Eastergoa Skotsers’ ûnderskiede harren om’t hja keazen hawwe foar it Frysk kostúm sa as dat droegen waard yn it tiidrek 1820 - 1840.

Alle kostúms dy’t droegen wurde troch ús groep binne mei de hân makke fan suvere natuerlike stoffen, lykas katoen en side.

It frouljuskostúm.

Yn de groep fan ‘De Eastergoa Skotsers’ bestiet in grut ferskaat oan kostúms foar de froulju. Om’t keazen is foar in tiidrek fan tweintich jier is te sjen dat ek yn dat tiidrek de moade fan de klaaiīnge feroare. Mar dêrneist binne yn dat tiidrek ek fêste tradysjes fan it Frysk kostúm behâlden. Dat betsjutte dat der in protte fariaasjes yn de kostúms wiene.

 

         

 

It kostúm foar de frou bestiet út ferskate ûnderdielen. Froulju droegen ûnderklean, in rok en dèr boppe-op in saneamd jak (dat is in boppestik dat oant oer de heupen rikt). Ek hawwe de froulju in skelk om’e middel en in tipdoek om’e skouders.

Om der in moai gehiel fan te meitsjen hawwe de froulju in earizer mei in floddermûtse op’e holle en as’t efkes kin wat sieraden lykas in bûgeltas en sydsulver.

.It grutste ferskil yn de kostúms foar de frou is werom te finen by de mouwen fan it jak. Dy ferskillen wurde sjen litten op de foto’s.

 

 

Underguod

Net te sjen foar de taskôger is it ûnderguod. Dat bestiet út in wite katoenen ûnderbroek dy’t oer de knibbels komt en in wite ûnderrok. Beide ûnderdielen binne ûnderom ôfset mei kant en boppe-oan foarsjoen fan bandsjes om se fêst meitsje te kinnen yn ‘e mil. As lêste hawwe de froulju wite katoenen knibbelhoazzen, yn swarte leren skuon dy’t foarsjoen binne fan in sulveren gasp.

 
 

Earizer en mûtsen

Bysúnder oan it Frysk kostúm is itjinge de frou op ‘e holle hat. Dat is gearstald út ûnderskate ûnderdielen.

Oer it opstutsen hier komt in wite mûtse dy’t ôfwurke is mei in breidene of haakte râne. Dêr oerhinne hat hja in swarte mûtse dêr’t it earizer opset wurdt. It earizer, lykas de froulju fan de Eastergoa Skotsers dat hawwe is fan sulver. Twa modellen binne yn omgong: in smel en in breed model.                                        

 

 

De smelle earizers hawwe saneamde fûgelkopknoppen, it brede earizer hat potknoppen. Oer it earizer wurdt in wite floddermûtse droegen. Dy soepel fallende mûtse is makke fan tule en hat in râne dy’t makke is fan kant. De lingte kin fariearje.

De floddermûtse kin op’e siden fan’e holle fêstset wurde mei spesjale lange sulveren mûtsespjelden.

 

 

It manljuskostúm

 
     

 

Ek it manljuskostúm bestiet út ferskate ûnderdielen. De manjlu drage in baitsje dat makke is fan katoendamast. Dat baitsje hat oan de foarkant twa rigen knopen dy’t fan deselde stof wêze kinne. Mar de knopen kinne ek makke wêze fan sulver, tin of bien. Under it baitsje hawwe de manlju in himd dat makke is fan linnen, mei in borduerde kraach en mansjetten. De kraach wurdt sletten mei twa sulveren kielknopen en de mansjetten mei sulveren mansjetknopen. Om de hals hawwe de manjlu in katoenen of siden sjaaltsje.

 

Flapbroek

 
.De broek is in saneamde flapbroek. Dy is makke fan swart flewiel en hat in flappe oan’e foarside dy’t mei knopen te plak hâlden wurdt. De broek komt oer de knibbel en wurdt dêr slúten mei in sulveren gasp.

De manlju hawwe ljochte breiden skieppewollen hoazzen. De skuon binne swart mei in sulveren gasp derop. Op’e holle drage hja in swarte hoed, it saneamde biedermeier model. Ek dizze hoed is oan’e foarside foarsjoen fan in sulveren gasp.

 
As lêste hawwe de manlju in sulveren bûshorloazje oan in keatling mei segelstimpels.

 

 
 

Start Yntro skiednis klaaiing Program en Boekingen Ynformaasje

Deze site is voor het laatst bijgewerkt op 25 augustus 2007