|
Wolkom op
it webstek fan De Eastergoa Skotsers! Op dit webstek fine jo in ferskaat
oan ynformaasje oer de folkloristyske dûns- muzyk- en sjonggroep út
Burgum.
Dûnsgroep ”De
Eastergoa Skotsers” is oprjochte op 23 maart 1988 mei as doelstelling de
âlde Fryske folklore yn stân te hâlden en út te dragen

De namme fan ‘e
groep is ûntliend oan de streek dêr’t de leden wei komme. Nei 1500 waard
Fryslân yn fjouweren ferparte: De Âlve Stêden, Westergoa, Eastergoa en
de Sân Wâlden. Us groep komt út Eastergoa.
‘Skotsers’ is in oar wurd
foar dûnsers dèrom dy namme.
|
 |
|
‘De
Eastergoa Skotsers’ dûnsje yn it autentike Fryske kostúm út it tiidrek
1820-1840, mei as bysonder elemint it smelle earizer
fan de froulju mei
dêr oerhinne de lange floddermûtse. Mear ynformaasje en foto’s oer it frouljus-
en manljuskostúm fine jo ûnder it ûnderdiel klaaiīnge. |
|
 |
 |
|
It
programma dat dûnse wurdt is ek ôfkomstich út it tiidrek
1820-1840 en befettet inkelde hiel spesifike dûnsen út’e streek.
Foar mear ynformaasje dêroer ferwize wy jo nei it ûnderdiel
programma en boekings.
|
|