Skiednis fan de  ’Eastergoa Skotsers’

 

Start
Yntro
skiednis
klaaiing
Program en Boekingen
Ynformaasje

 

 

 

 

 

It wie earne yn é foariche ieu. Om krekt te wêzen: 23 maart 1988. Fiif  dûnspearen dy’t allegearre wol aardich yn’t sâlt bebiten wiene oangeande it folksdûnsjen woene wat oars as hja oan’t doe ta wend wiene. Dit hawwe hja dien ûnder lieding fan Jan Kloetstra, in bekende namme yn’e folksdûnswrâld.

Oan entûsjasme ûntbriek it harren net. Wol wie’t yn’t earst oan lestich om in  fêst plakje te finen wêr’t de wyklikse oefenjûn organisearre wurde koe. Nei wat omswalkjen waard dit plakje fûn yn in skoalle yn Burgum.

 

Yn nije dûnsgroep betsjutte ek it sykjen nei in namme en in kostúm.

Der waard keazen foar de namme ‘Eastergoa Skotsers’. In Fryske namme dy’t stiet foar it Hollânske ‘Oostergo’. Eartiids wie Fryslân yn fjouweren ferparte; dat wiene De Âlve Steden, Westergoa, Eastergoa en de Sân Wâlden. It festigingsplak fan’e groep is Burgum en dat leit yn ‘Eastergoa’ fan eartiids. Dêrom  is keazen foar de namme ‘De Eastergoa Skotsers’. Foar de namme is de Fryske stavering brûkt omdat de leden mei klam harren ferbûnens mei Fryslân sjen litte wolle. Ek hawwe de Eastergoa Skotsers harren eigen flagge en findel. Dy fynt syn oarsprong yn de skiednis fan ’Eastergoa’ mei de kleuren read en wyt en dy komme ek foar yn it wapen fan de groep.

               

Dêrnei moast der in kostúm gearstald wurde. De Eastergoa Skotsers woene harren ûnderskiede fan oare dûnsgroepen dy’t aktyf binne yn’e provinsje Fryslân. De measte groepen dûnsje yn’e klaaiïnge út it tiidrek sa om en de by 1860. De Eastergoa Skotsers hawwe keazen foar it Frysk kostúm sa as dat droegen waard yn it tiidrek 1820 – 1840. Mear spesifike ynformaasje en foto’s fine jo yn it diel oer de klaaiïnge.

 

Op tiisdei 14 maart 1989 wie de offisjele presentaasje oan de bûtenwrâld yn it nije kostúm op Fogelsang-state yn Feankleaster. De groep wie njonkenlytsen útwreide mei ferskate dûnspearen en muzikanten. It bestean fan in nije dûnsgroep wie al ridlik gau bekend yn de folksdûnswrâld. Op ferskate plakken yn en bûten de provinsje wurde optredens fersoarge en dy wurde mei entûsjasme ûntfongen.

 

.

Yn novimber 1989 meie “De Eastergoa Skotsers” harren earste gasten begroetsje. Yn gearwurking mei “Trachtengruppe Salder” út Dútslân fersoargje ‘De Eastergoa Skotsers’ in optreden yn Burgum. Yn juny 1990 wurdt in tsjinbesite brocht oan dy Dútske groep.

Yn’e rin fan de jierren dêrnei fûnen der besites plak oan groepen yn Slowakije, Hongarije, Estlân, Finlân, Sweden en Belgie.

 Yn febrewaarje 1991 wurdt der foar de eerste kear in dûnsfestival organisearre troch ‘De Eastergoa Skotsers’. Dat fynt plak yn’e ‘Pleats’ yn Burgum. It wie in lytsskalich festival mei in mannich gastgroepen. Sa njonkelytsen is dat festival útwreide nei in evenemint fan mear as ien dei mei ferskate bûtelânske groepen. De organisaasje fan dat barren is in oantal jierren werom loskeppele fan ‘De Eastergoa Skotsers’ en ûnderbrocht yn in eigen stifting.

.

 

Start Yntro skiednis klaaiing Program en Boekingen Ynformaasje

Deze site is voor het laatst bijgewerkt op 17 oktober 2007